Strontrace wol ferjonging

Yn Warkum begjint moandeitemiddei om ien oere foar de 39e kear de tradisjonele Strontrace. De wedstriid stiet dit jier yn it ramt fan ferjonging. Fan 't maitiid en fan 't simmer hawwe jongeren foar it earst meitraind.
By de Strontrace farre âlde frachtskippen mei in symboalyske lading stront oer de Iselmar en Amsterdam nei Warmond. Dêrnei gean se werom nei Warkum. Se meie de hiele tiid gjin motor brûke en farre yn ien kear troch.