Stienzer rydt 53 km te hurd

© Omrop Fryslân
In 38-jierrige man út Stiens is sneintejûn syn rydbewiis kwytrekke foar te hurd riden. By in lasergunkontrôle op de Oeriselsewei N31 seach de plysje dat de automobilist 53 kilometer te hurd gong. Hy stode de nijbouwyk Techum foarby mei 123 kilometer yn 'e oere, wylst dêr net hurder riden wurde mei as 70.
De man is oanhâlden troch de plysje. Hy hat in boete krige en syn rydbewiis is ynnaam.