Flyers winne yn Amsterdam

21 okt 2012 - 22:23

De Friesland Flyers ha de wedstriid yn en tsjin Amsterdam mei 6-2 wûn. De Feanster iishockeyers namen troch Gerard Pollastrone (2) en Tony Demeline in 3-0 foarsprong. Marcel Kars die dêrnei foar de thúsploech wat werom. Yn de twadde perioade allinne mar doelpunten fan de Flyers. Dy kamen fan Wesley Timmermans, Michael Nason en Trevor Hunt. Yn de lêste perioade mar ien skoare fan Joey Oosterveld foar Amsterdam. De Friesland Flyers bliuwe koprinner mei 15 punten, ien mear as Tilburg en Den Haach. Dy lêste hat ien wedstriid minder spile.

Trefwurden: 
iishockey Friesland Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)