Winst follybalsters Snits

© awfoto.nl
De follybalfroulju fan Snits ha sneintejûn mei 3-2 wûn fan Alterno út Apeldoorn. Alterno hie de earste twa wedstriden wûn, Snits hie ien kear krekt ferlern en ien kear wûn. Yn de Snitser sporthal waard it in spannende fiifsetter. De earste en de tredde set wiene beide kearen mei 25-18 foar Alterno. Snits wûn de twadde en de fjirde set mei 25-17. Yn de beslissende fiifde set waard it 15-8 foar Snits. De ploech fan coach Petra Groenland hat no seis punten út trije wedstriden.