'Harksit oer wynmûneparken'

© Omrop Fryslân
De PVV wol dat der in harksit yn nije wynmûneparken. De partij sil dêr by provinsjale steaten op oantrune. Op 't stuit binne der plannen foar wynparken, ûnder oare yn 'e buert fan Wytmarsum. De bewenners fan dat doarp fine dat mei in konsintraasje fan wynmûnen de lêsten by in navenant lyts tal minsken dellein wurde.
De PVV seit net tsjin alternative enerzjy te wêzen. Sa neamt de partij sinne-enerzjy, dongfergisters en ebbe- en floed-enerzjy in goede saak.
De provinsje hat de termyn foar ynspraak op de wynplannen ferlingd. Dy wie al sletten, mar reagearje kin no noch oant 11 novimber. De provinsje wol trije plakken oanwize foar grutskalige wynenerzjy: in gebiet yn 'e Iselmar, ien by de kop fan 'e Ofslútdyk en ien noardeastlik fan it klaverblêd by It Hearrenfean.