Klûs stellen yn Koarnjum
By in ynbraak yn Koarnjum is sneintejûn in klûs stellen. De ynbraak yn it hûs oan de David van Goirlestrjitte wie tusken kertier foar achten en alve oere dy jûns. Yn de klûs sieten papieren dy't foar de bewenners fan wearde binne.