Parfum en klean stellen

21 okt 2012 - 12:36

De plysje hat sneontemiddei yn Wolvegea twa froulju út it Dútske Offenbach oanhâlden foar stellerij. Se hiene yn in drogisterij oan de Van Harenstrjitte ferskate fleskes parfum stellen.

De eigener fan de saak hie it sjoen en folge de twa, doe't se de saak útrûn wiene. Yn in oare winkel koe er se oanhâlde. Yn de tassen dy't se by harren hiene, siet njonken de parfum ek noch stellen klean. De fertochten binne troch de plysje meinaam nei it buro.

(advertinsje)