Ferskate swiere mishannelings

21 okt 2012 - 12:29

De plysje hat fannacht op ferskate plakken minsken oanhâlden foar swiere mishanneling. Sa waard yn Jelsum in bewusteleaze man op de dyk fûn. Hy hie earder by spul klappen krige. Yn it sikehûs waard in brutsen kaak en in swiere harsenskodding fêststeld. De man moast fuortendaliks opereard wurde. De plysje ûndersiket noch wat der krekt bard is.

Yn Drachten is in man fan 21 út dat plak oppakt. Hy hie in Beetstersweachster (20) mei in ketting slein, neidat dy tusken in stel fjochtsjende minsken sprongen wie om de saak del te bêdzjen.

Op It Hearrenfean is in man fan 24 út Nijhoarne oanhâlden. Dy hie yn in kroech sûnder reden in frou fan 28 fan It Hearrenfean by de kiel pakt. Yn Snits rûn in ynwenner fan Skearnegoutum in brutsen noas op. Hy wie slein troch in man út De Lemmer. Dy is oanhâlden.

Trefwurden: 
mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)