Knyppunten wetteroerlêst klear

21 okt 2012 - 11:17

It Wetterskip hat foar 1 novimber alle plakken oanpakt dêr't begjin dit jier problemen wiene troch it hege wetter. It measte wie foar oktober al klear. Allinne by in pear knyppunten by Grou, by Heech en by Tsjummearum duorre it wat langer. Dat kaam trochdat de oanpak fan de problemen wat mear oerlis koste. By Tsjummearum moast wachte wurde oant alle guod fan it lân wie. It oanpakken fan de knyppunten hat it Wetterskip 800.000 euro koste.

Begjin dit jier strûpte op ferskate plakken it lân ûnder wetter trochdat der yn in koart skoftsje tiid folle mear rein foel as dêr't it Wetterskip op rekkene hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)