Ungelok mei stockcarbus

© Noordernieuws
By in ûngelok mei in bus op de provinsjale dyk by Donkerbroek binne sneontejûn twa minsken licht ferwûne rekke. De bus wie fan in stockcar-racingteam. Dy krige in klapbân, wêrtroch't de sjauffeur de macht oer it stjoer kwytrekke. De bus kaam tsjin in beam ta stilstân.
Njonken de twa slachtoffers sieten der noch tsien minsken yn de bus. Dy kamen mei de skrik frij. De bus rekke bot fernield.