Ljouwerter rydt yn op plysje

21 okt 2012 - 08:39

In man út Ljouwert is yn Raalte yn Oerisel ynriden op in plysjeman dy't syn auto kontrolearje woe. De 23-jierrige Ljouwerter ried hurd achterút en botste doe tsjin in plysje-auto oan. De plysjeman koe krekt op 'e tiid oan de kant springe. De man út Ljouwert sit fêst foar poging ta deaslach.

De plysje fersteurde mooglik in drugsdeal. Yn in auto flakby siet in 22-jierrige man út Deventer. Dy hie neffens de plysje kokaïne by him en in grut jildbedrach. De man út Deventer is ek oppakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)