Gjin goud Fryske judoka's

20 okt 2012 - 21:24

De Fryske judoka's en judoka's dy't traine by Judo Topsport op It Hearrenfean ha sneon by it Nederlânsk kampioenskip yn Rotterdam twa kear sulver en seis kear brûns helle. Sulver wie der foar Junior Degen (-66 kg) en Margriet Bergstra (-63 kg). It brûns gong nei Wessel Anne van der Ploeg (-60 kg), Wytze de Jong (-66 kg), Sandra de Hoop (-48 kg), Miranda Wolfslag (-52 kg) en Iris Iwema (-63 kg). Snein kaam dêr noch brûns by foar Gerdien Kupers yn de klasse +78 kg.

Trefwurden: 
NK judo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)