Wetterskip seach ek nei KNMI

20 okt 2012 - 17:15

Wetterskip Fryslân basearre him by de wetteroerlêst fan begjin jannewaris net allinne op foarsizzings fan Piet Paulusma, mar ek op dy fan it KNMI. De sifers fan it KNMI binne liedend. Dat hat it wetterskip skriftlik oan Omrop Fryslân meidield, neidat waarman Piet Paulusma krityk utere op de evaluaasje fan de wetteroerlêst.

It wetterskip hat it Hooglandgemaal op nijjiersdei twa kear útset: ien kear troch in steuring, de oare kear omdat der minder reinwetter ferwachte waard. Mar der kaam mear. Paulusma sei dat er doe wol warskôge hat.

It Wetterskip Fryslân seit no wol dat it better west hie dat it Hooglandgemaal op nijjiersdei trochpompt hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)