Fiif rydbewizen ynnaam

© Omrop Fryslân
By alkoholkontrôles yn Ljouwert, Koatstertille en Snits binne ôfrûne nacht fiif rydbewizen yn beslach naam. In 32-jierrige Ljouwerter rekke syn bromscooter kwyt om't er al earder oanhâlden wie foar dronken riden.
De bestjoerder fan in auto waard opsletten om't er noch in boete fan 400 euro betelje moast en it jild net by him hie. In 32-jierrige brommerrider út Drylts moast syn brommer ynleverje. De man wie dochs wer op 'e brommer stapt, wylst er krekt in rydferbod krige hie.