Mep mei kettingslot

De Achmeatoer mei op de foargrûn de Prins Hendrikstjitte © Omrop Fryslân
In 29-jierrige Ljouwerter is freedtenacht oanhâlden nei't er op de Prins Hendrikstrjitte trije manlju oanfoel. De man bedrige de trije om noch ûnbekende reden.
In 18-jierrige ynwenner fan Sint Jabik waard troch de Ljouwerter slein en omtreaun. In 20-jierrige man út Tytsjerk krige in klap mei in kettingslot. De Ljouwerter bedrige de manlju ek noch mei de dea. De slachtoffers bellen de plysje dy't de agressive man meinaam hat nei it buro.