Dronken útnaaid nei botsing

Drank © Omrop Fryslân
In 26-jierrige dronken bestjoerder út De Westereen is yn 'e nacht fan freed op sneon oanhâlden nei't er trochriden wie by in botsing. De man waard yn Kollumersweach út in kafee set om't er lestich wie.
De man stapte dronken en lilk achter it stjoer. Doe't er fuortried, rekke er in oare auto. De man naaide dêrnei út. Hy waard by in kontrôle yn Ljouwert oanhâlden.