Tas stellen fan âlde frou
Op de hoeke fan de Piperstrjitte en de Wurdumerdyk yn it sintrum fan Ljouwert is sneon in man fan 45 jier oppakt, omdat er de tas fan in âlde frou stelle woe. Tsjûgen seagen it, pakten him fêst en hâlden him fêst oant de plysje kaam.
De plysjes hawwe de man meinaam nei it buro. Dêr is er fêstset.