Knegt rydt nij rekôr op 1000m

20 okt 2012 - 14:04

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat freed by de wrâldbekerwedstriden yn Calgary in nij nasjonaal rekôr delset op de 1000 meter sprint. Op it rappe iis yn de Olympic Oval skerpe Knegt syn eigen rekôr fan febrewaris 2011 oan en sette de nije nasjonale toptiid op 1.24.770.

Lang koe Knegt lykwols net genietsje fan syn rekôr. Sneon waard syn tiid út de boeken riden troch Niels Kerstholt. It rekôr op de 1000 meter stiet no op 1.24,204 sekonden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)