Tal boaten Bootoutlet falt ôf

20 okt 2012 - 12:34

It oanbod op 'e twaddehâns-boatebeurs Bootoutlet yn it WTC yn Ljouwert falt wat ôf. De organisaasje hie op twahûndert rekkene, mar der lizze no hûndert. Dat is likefolle as ferline jier. De beurs wurdt dit wykein foar de tredde kear hâlden. De ferwachting is dat der no ek wer sawat 4000 besikers komme.

Undernimmers en partikulieren kinne op de Bootoutlet brûkte boaten oanbiede. It binne benammen iepen sloepen en lytse motorboaten. Ferline jier binne sechstich twaddehâns boaten ferkocht op 'e beurs.

Trefwurden: 
beurs boat WTC Expo Bootoutlet
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)