'40% ferheging OZB te folle'

20 okt 2012 - 11:18

De Stichting Ondernemers Dantumadeel is net te sprekken oer de ûnreplikesaakbelesting. De gemeente wol de OZB mei 40 persint ferheegje. Dat is neffens de feriening fierste heech, foaral foar lytse ûndernimmers. Dy hawwe no al muoite de holle boppe wetter te hâlden.

Neffens de gemeente is de ferheging needsaaklik. De gemeente docht in soad foar ûndernimmers en kriget minder jild út Den Haach. De CDA-fraksje hat oanjûn om ûnder de begruttingsried mei in foarstel te kommen mei in minder grutte ferheging fan 'e ûnreplikesaakbelesting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)