Flyers ûntsnapt nei ferlinging

20 okt 2012 - 00:47

De Friesland Flyers hawwe freed in benaude oerwinning helle tsjin Eindhoven. De iishockeyers fan It Hearrenfean wûnen nei de ferlinging mei 3-2.

De Feansters hienen it dreech yn de earste twa perioaden en kamen mei 2-0 achter. Oanfierder Mike Nason makke de oanslutingstreffer en yn de tredde perioade tekene Trevor Hunt flak foar tiid foar de lykmakker. Op oanjaan fan Kevin Bruijsten waard dyselde Hunt matchwinner. Snein spylje de Flyers út tsjin Amsterdam.

Trefwurden: 
Flyers iishockey Eindhoven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)