Goed jier foar poddestuollen

It giet goed mei de poddestuollen. Dat seit regiodirekeur Herman Sieben fan Steatsboskbehear yn it Noarden. Hy is saakkundige en leafhawwer. Sa'n 30 jier lyn ferdwûnen in soad soarten. Dat kaam troch fersmoarging, soere rein en te folle stikstof.
Dy situaasje is stikken better wurden en no komme der in hiel soad soarten werom. Yn it Drents-Friese Wold bygelyks komme tusken de 800 en 900 soarten poddestuollen foar.