Mail reden fuortgean skoalbern

19 okt 2012 - 18:48

De reden dat âlden harren bern fan basisskoalle De Regenboog yn Wikel helje, is in e-mail fan in learaar fan de skoalle. Yn de e-mail soe de learaar guon âlden troch it slyk helle ha. De mail wie net foar de âlden bedoeld, mar dy seagen dizze dochs. Se seine dêrnei it fertrouwen yn de skoalle op.

De âlden fan 35 learlingen stjoere harren bern nei de hjerstfakânsje nei in oare skoalle. Freed wie harren lêste dei. Op de Regenboog bliuwe 15 bern oer. Dat is ûnder de noarm fan 23 learlingen fan it ministearje fan ûnderwiis.

Trefwurden: 
skoalle Wikel mail De Regenboog
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)