Bungalowparken fol yn fakânsje

De bungalowparken sitte fol, mar fierder is de hjerstfakânsje gjin toeristyske topwike foar Fryslân. Dat sizze de toeristyske marketeers Paul van Gessel en Albert Hendriks. Neffens harren kinne de terrassen dit wykein goede saken dwaan, seker as sy taret binne op it hjerstwaar. In goed hjerstterras hat foldwaande personiel, wifi en in waarmtebron foar as it kâlder wurdt.
Musea kinne ek goede saken dwaan, as se alteast aktiviteiten organisearje foar bern. It Natuermuseum yn Ljouwert is in goed foarbyld dêrfan.