Van Basten nimt risiko's

Marco van Basten © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
SC Hearrenfean sil nei alle gedachten tsjin FC Grins mei fjouwer ferdigeners fuotbalje. Dêrmei stapt Marco van Basten ôf fan it systeem fan fiif ferdigeners, dêr't er syn ploech de lêste wiken yn fuotbalje liet.
Ofgeande op de besletten training fan freed, dy't trouwens net hielendal besletten wie, spilet Hearrenfean yn in 4-3-3 formaasje. Jeffrey Gouweleeuw is wer better fan syn hamstringblessuere. Arnold Kruiswijk is skorst.
Mooglike opstelling: Nordfeldt, Raitala, Zomer, Gouweleeuw, Van Anholt, Maracek, Kums, Djuricic, Van La Parra, Finnbogason en De Ridder.