Staking: tiisdei fierder prate

19 okt 2012 - 14:25

De fakbûnen en direksje fan De Vries Kozijnen prate tiisdei fierder oer in sosjaal plan. Beide partijen hawwe in ôfkuollingsperioade nedich en nimme tiid om harren te berieden op de situaasje. Freedtemoarn bruts by De Vries in wylde staking út. Goed fyftich meiwurkers leine it wurk del om't se it net iens binne mei it sosjaal plan.

By it bedriuw krije 35 fan de 125 meiwurkers dien. Neffens it fakbûn is it foarstel fan de direksje foar in sosjaal plan skandalich. Foar de meiwurkers wie it reden om it wurk del te lizzen.

Trefwurden: 
staking De Vries Kozijnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)