Krityk op wetteroerlêst

19 okt 2012 - 13:03
  • Krityk op wetteroerlêst
  • Harkje nei de bydrage
  • Lolke Folkertsma, FNP
  • Otto van der Galiën, PVV yn provinsjale steaten

Wetterskip Fryslân hat stekken falle litten by de bestriding fan de wetteroerlêst fan begjin dit jier. Dat docht bliken út ynterne stikken fan it wetterskip sels. It bestriden fan de wetteroerlêst hat te lang in saak fan útfierende amtners west. De leden fan it deistich bestjoer binne te let op de hichte steld.

Dykgraaf Van Erkelens hat it wetterskipsbestjoer pas by weromkomst fan fakânsje tichter op de saak set. Dat wie op 4 jannewaris.

Yn net publisearre stikken fan it Wetterskip Fryslân komt deistich bestjoerslid Aaltsje Rispens ek oan it wurd oer de saak. Sy hat krityk op de ynterne kommunikaasje by de wettersteuring.

(advertinsje)