Measte wapens op It Amelân

19 okt 2012 - 12:07

It Amelân is de gemeente mei yn ferhâlding de measte wapenbesitters yn hiel Nederlân. Dat docht bliken út sifers dy't RTL Nieuws opfrege hat by de plysje. Op it eilân binne 258 wapenfergunnings ôfjûn. Dat betsjut dat der trochinoar 73 wapens op 1000 ynwenners binne. Gjin inkele gemeente hat safolle.

Oare Waadeilannen stean ek heech op de list. Skiermûntseach stiet tredde en Skylge fjirde. Yn de gemeente Ljouwert binne yn trochsneed sân wapens op tûzen ynwenners.

Trefwurden: 
It Amelân wapen RTL
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)