Hajé keapet Skippershûs

19 okt 2012 - 10:59

Hotel-restaurant 't Skippershûs yn Terherne is ferkocht oan de Hajégroep. It gebou stiet al jierren leech. Ferkeap slagge net, ûnder oare omdat de grûn fersmoarge wêze soe.

It Skippershûs hat in lange skiednis fan falisseminten. It kaam yn 2006 yn it nijs doe't der prostitúsje yn bedreaun waard. De gemeente Boarnsterhim hat it etablissemint doe sels sletten. Eigener Hajé de Jager wol it hotel-restaurant ein maaie takom jier weriepenje, nei alle gedachten ûnder in oare namme.

Hajé hat yn Fryslân ek noch hotel-restaurants op 'e Jouwer en op It Hearrenfean. Fierders hat Hajé noch fiif festigings op oare plakken yn Nederlân.

Trefwurden: 
Terherne 't Skippershûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)