Scooterrider ferwûne
In 55-jierrige scooterrider fan 'e Jouwer is tongersdei op It Hearrenfean ferwûne rekke by in oanriding. Op de Alde Feanskieding krige de man gjin foarrang fan in 20-jierrige man út It Hearrenfean dy't in auto bestjoerde.
De Jouster is mei ferwûnings oan it skouder nei it sikehûs brocht. De scooter hie grutte skea.