Fertochte langer fêst

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
In 19-jierrige man dy't fertocht wurdt fan besykjen ta deaslach of swiere mishanneling bliuwt langer fêstsitten. De man wurdt derfan fertocht dat er mei twa oaren yn de nacht fan 1 op 2 septimber op It Hearrenfean in 29-jierrige ynwenner fan Stienwyk swier mishannele hat.
De plysje hat trije minsken oanhâlden foar de mishanneling. In 20-jierrige en in 21-jierrige man binne alwer frijlitten, mar se bliuwe wol fertochte yn de saak. De 19-jierrige fertochte moat noch 90 dagen langer fêstsitten bliuwe.