Wylde staking De Vries foarby

De stakende meiwurkers fan De Vries Kozijnen op de Gordyk binne wer oan it wurk. Dat seit de heechste baas fan Doorwin, it bedriuw dêr't De Vries ûnder falt. Tsientallen meiwurkers giene freed net oan it wurk.
By De Vries krije 35 fan de 125 meiwurkers dien. Fakbûnen en direksje fan De Vries waarden it net iens oer in sosjaal plan. Neffens it fakbûn is it foarstel fan de direksje skandalich en foar de meiwurkers wie it reden om it wurk del te lizzen.
De direksje is ree om wer mei it fakbûn te praten, mar net earder as dat de meiwurkers it wurk wer oppakt hawwe. Dat is no bard. It petear fynt op dit stuit plak.