Stroetinga liedt net mear

19 okt 2012 - 09:45

Hurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap en syn maat Peter Schep binne op de fjirde dei fan de seisdaachse yn Amsterdam de lieding kwytrekke oan Niki Terpstra en Iljo Keisse. De winners fan ferline jier pakten de oerwinning yn de koppelkoers oer 60 minuten en dêrmei ek de lieding yn it klassemint mei 165 punten.

Stroetinga en Schep stean no twadde op ien ronde fan de lieders en 182 punten. Se wurde op de hûd sitten troch noch trije koppels mei in ronde achterstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)