Steuring yn Hooglandgemaal

19 okt 2012 - 09:42

In steuring yn it Hooglandgemaal by Starum en ferkearde waarfoarsizzings hawwe derfoar soarge dat de wetteroerlêst yn Fryslân begjin dit jier grutter wurden is as nedich. Yn de offisjele evaluaasje fan Wetterskip Fryslân stiet dat it Hooglandgemaal op 1 jannewaris seis oeren stillein hat.

Yn de heechwetterperioade fan 2 oant 11 jannewaris foel yn totaal 58 milimeter rein. Dat is hast likefolle as oars yn in hiele jannewarismoanne. De heechwetterperioade fan jannewaris hat yn totaal 500.000 euro oan ekstra kosten opsmiten.

De PVV fynt soks net passen by in profesjonele organisaasje en wol dat it Wetterskip de saken gau op oarder bringt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)