Rabo hâldt op mei sponsoring

19 okt 2012 - 09:26

Rabobank hâldt mei yngong fan 31 desimber op mei sponsoring fan de profesjonele hurdfytsploegen, sawol manlju as froulju. Dat hat de bank freed bekend makke.

De bank is ta it beslút kaam nei it útbringen fan it rapport fan de Amerikaanske dopingautoriteit Usada. Yn dat rapport kaam oan it ljocht dat yn de Raboploech ek doping brûkt is. Dat hat de Amerikaanske hurdfytser Levi Leipheimer ûnder ede bekend.

Bert Bruggink, lid fan rie fan bestjoer fan Rabobank: "Het gaat met pijn in het hart, maar voor onze bank is het een onvermijdelijke beslissing. Wij zijn niet meer overtuigd dat de internationale wielerwereld in staat is om een schone en eerlijke sport mogelijk te maken."

Hurdfytser Bauke Mollema fan Ljouwert is teloarsteld oer it beslút fan de Rabobank om de profesjonele hurdfytsploech net langer te sponsorjen. Neffens Mollema hat dat foaral yn it ferline in probleem west. Dêrom is it soer dat de bank no ophâldt mei de sponsoring.

Trefwurden: 
hurdfytsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)