Wer ûngelok by oprit Wâldwei

© Robertjan Boonstra
By in auto-ûngelok by de oprit fan de Wâldwei by Ljouwert is tongersdeitejûn ien persoan ferwûne rekke. In 71-jierrige man út Almelo woe de Wâldwei opride rjochting Drachten. Hy seach dêrby in auto bestjoerd troch in 34-jierrige man út Reduzum oer de holle. In botsing wie it gefolch. In frou dy't by de Almeloër yn 'e auto siet, kaam klem te sitten. Se is nei it sikehûs ta brocht.
Op itselde plak barde op 9 oktober ek in ûngelok. Doe wiene der fjouwer ferwûnen.