Eigen stik Arendz en Geertsma

It toanielduo Jan Arendz en Marijke Geertsma komt takom jier mei harren eigen earste produksje. Under de namme J&M teaterwurk spylje se it stik 'Oarlochstriennen'. Marijke Geertsma skriuwt it stik sels. It is basearre op in wier bard ferhaal út de Twadde Wrâldoarloch en it Fryske ferset.
Jan Arendz en Marijke Geertsma binne dit jier harren baan by Tryater kwyt rekke troch besunigings.