Ien swimbad yn SWF moat ticht

Ien fan de trije swimbaden yn Súdwest-Fryslan giet ticht. Dat is it gefolch fan de plande besuniging fan goed 850.000 euro op it sportbudzjet fan de gemeente. Neffens wethâlder Sinnema is dy besuniging oars net te heljen. Hokker swimbad krekt ticht moat, wol it kolleezje oerlitte oan de gemeenteried. De kâns op sluting liket it grutst yn Boalsert. It swimbad is oan fernijing ta en draait net goed. Dat docht bliken út in ekstern ûndersyk. Snits en Warkum soene dan oerbliuwe. De gemeenteried praat der 31 oktober oer.