Woudagemaal: 40.000ste besiker
It Woudagemaal op De Lemmer hat tongersdei de 40.000ste besiker ûntfongen. In jonkje fan 8 jier út Denemarken wie de lokkige besiker. Hy is yn it sintsje set en krige in koperen replika fan it gemaal. It Woudagemaal hat de ôfrûne dagen proefdraaid en dat luts in soad besikers. Tongersdei wie de lêste dei fan it proefdraaien.