Akademy foar eigen dosinten

De iepenbiere skoallen yn it fuortset ûnderwiis dy't yn de Pompeblêdgroep sitte, ha in eigen oplieding foar har personiel. Meiwurkers kinne fia de Pompleblêdakademy har kennis oerdrage oan elkoar. Dat is goed foar de kwaliteit fan it ûnderwiis en ek sparret it de skoallen jild út. De akademy moat ek in kennisnetwurk wurde dêr't de meiwurkers har ûnderfinings en kennis diele kinne.