It Bilt moat besunigje

It gemeentehûs fan It Bilt yn Sint-Anne © Omrop Fryslân
It Bilt nimt maatregels om de begrutting slutend te krijen. De kommende jierren wurdt minder jild útjûn oan subsydzjes. De ûnreplikesaakbelesting wurdt ferhege en de gemeente besuniget op it eigen bedriuw. As der neat dien wurde soe, rinne de tekoarten de kommende jierren bot op. Dy tekoarten komme trochdat It Bilt minder jild fan it ryk krijt, mar ek trochdat der lokaal dingen feroarje. De gemeente wiist bygelyks op de sluting fan it asylsikerssintrum yn Sint Anne.