Militêren fiere rezjimintsdei

18 okt 2012 - 14:38

Yn Ljouwert binne woansdei 450 militêren fan de fleanbasis ôf nei it sintrum fan de stêd rûn. It giet om leden fan it rezjimint ynfantery Johan Willem Friso út Havelte. Se fiere de rezjimintsdei yn Ljouwert. Neist de mars stiet der materieel opsteld op it Wilhelminaplein.

Dêr is ek de beëdiging fan 14 nije militêren en wurde sân medaljes útrikt oan militêren dy't yn Afganistan yn gefjochtssitewaasjes sitten hawwe. Op it Aldehoustertsjerkhôf steane militêre weinen en der is in hindernisbaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)