Kursus Frysk foar personiel IM

18 okt 2012 - 12:39

Meiwurkers fan justysje yn Noard-Nederlân kinne in kursus Frysk folgje. Troch de yntinsive gearwurking fan de parketten Ljouwert, Grins en Assen kin in Grinzer offisier bygelyks in saak yn Ljouwert behannelje. Fertochten meie Frysk prate yn de rjochtseal. Dat is fêstlein yn de wet.

It Iepenbier Ministearje hat de Afûk frege om de kursus ferstean en lêzen op te setten. In lytse tritich meiwurkers folgje de kursus dy't fersoarge wurdt troch Taalburo Popkema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)