Dwerse Ljouwerter pakt

18 okt 2012 - 10:39

De plysje fertinkt in Ljouwerter (40) fan mishanneling en fernieling. De man soe woansdeitenacht sûnder oanlieding in meiwurker fan in kroech oan 'e Valeriusstrjitte yn syn wenplak slein hawwe. Neidat er de kroech útset wie, fernielde er in rút. Hy naaide út, mar de plysje koe him wol oppakke wurde.

Dêrby misledige de man de plysjes. Hy is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)