Mear minsken sitte yn de WW

18 okt 2012 - 10:37

It tal minsken dat in WW-útkearing krijt yn Fryslân, is it ôfrûne jier mei goed tweintich persint omheech gien. Dat docht bliken út sifers fan it UWV. Ein septimber krigen 13.582 minsken yn Fryslân in útkearing. Dat oantal is yn septimber licht nei ûnderen gien, mei 1,1 persint.

Lanlik sjoen is it tal útkearingen mei hast 21 persint groeid yn in jier tiid. Yn absolute sifers giet it om 304.370 minsken.

Trefwurden: 
útkearing WW
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)