Stellerij yn maneezje

18 okt 2012 - 10:18

By in maneezje oan de Hegedyk yn Marsum binne tiisdeitenacht haadstellen en sadels stellen. Ek is in partij hynstefretten meinaam. Nei ûndersyk fan de plysje die bliken dat by in hûs yn 'e buert ek sadels stellen wiene, op dat adres mist ek in kettingseage. It is net bekend hoe't de dieders binnen komme koene.

(advertinsje)