Stroetinga liedt yn Amsterdam

18 okt 2012 - 09:47

Wim Stroetinga stiet nei trije dagen oan kop by de seisdaachse fan Amsterdam. De baanfytser út Aldeberkeap hat mei Peter Schep woansdeitejûn mei 152 punten it earste plak yn it klassemint oernaam fan de Deen Morkov dy't mei Pim Ligthart rydt.

Mei-inoar stride fjouwer duo's op dit stuit om it earste plak. De wedstriid einiget sneon. De seisdaachse wurdt foar de tweintichste kear hâlden.

Trefwurden: 
Wim Stroetinga hurdfytsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)