Nij bestjoer JOVD Fryslân

Nij bestjoer JOVD
De jongere-organisaasje fan de VVD yn Fryslân hat in nij bestjoer. Yn de ledegearkomst is de tweintichjierrige Thomas Roosma fan Makkum keazen as foarsitter. Roosma wie earder alris fise-foarsitter fan de JOVD. De jongere-ôfdieling fan de VVD waard twa jier lyn weroprjochte yn Fryslân. Yn it twadde jier fan syn nije bestean hat de JOVD Fryslân der tachtich leden bykrigen.