Gjin beswier tsjin megastâl

18 okt 2012 - 06:42

Der binne gjin beswieren binnenkommen tsjin de bou fan in megastâl yn Eastrum. Anne-Pieter Wienia bout in grutte stâl mei plak foar 430 kij en 115 stiks jongfee. Op it stuit hâldt hy tegearre mei syn broer 300 kij. Troch romtegebrek stiet it fee op trije ferskillende plakken. Der is al mei de bou úteinset, neist ien fan de besteande stâlen, tusken Dokkum en Eastrum. Yn maaie kinne de kij deryn.

Trefwurden: 
megastal Eastrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)