Anton Wachterpriis nei Buwalda

17 okt 2012 - 20:03

Skriuwer Peter Buwalda wint dit jier de Anton Wachterpriis foar syn boek Bonita Avenue. De priis, dy't neamd is nei in personaazje út in boek fan de yn Harns berne skriuwer Simon Vestdijk, is foar it bêste literêre debút. Neffens de sjuery hat Buwalda dat skreaun 'sjoen de rike ynhâld en de folwoeksen styl fan syn bysûndere roman'. De priis wurdt op 10 novimber útrikt yn de Grutte Tsjerke fan Harns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)